Boetes ynfiere yn hânkompjûter

It CJIB yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Boetes fuortendaliks ynfiere yn in hânkompjûter kin de plysje miljoenen euro's besparje. Dat is ien fan 'e besungingsideeën fan in wurkgroep mei dêryn boargemaster Crone fan Ljouwert. De ynfiering yn in hânkompjûter kin trijehûndert administrative banen besparje. Dy wurknimmers kinne dan ynset wurde as plysje op strjitte.
De maatregel soe positive gefolgen hawwe foar it boetekantoar CJIB yn Ljouwert. As dat it wurk útfiere mei, smyt dat ekstra banen op.