Undersyk nei fuotbalblessueres

16 apr 2010 - 15:56

Om blessueres foar te kommen, dogge sa'n 180 Fryske fuotballers mei oan in wittenskiplik ûndersyk fan de universiteit fan Utert. De Drachtster Boys dogge in seizoen lang foar elke training eksakt deselde oefeningen. Fuotballers yn Brabân dogge dy krekt net. De ûndersikers wolle sa it ferbân tusken de oefeningen en fermindering fan sportblessueres oantoane.

De Drachtster fuotballers ha de ûndersikers frege om mear fariaasje, mar dat kin net fanwege it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)