Korpssjef Daniel ynstallearre

De nije waarnimmend korpssjef Max Daniel
De miljoenen dy't kriminelen ferstjinje, moatte fuortendaliks ôfpakt wurde en yn de kas fan de plysje stoart wurde. Dat fynt de nije plakferfangend korpssjef fan Fryslân, Max Daniel. Freed waard de 53-jierrige kommissaris offisjeel ynstallearre.
Ien fan de spearpunten fan Daniel is de oanpak fan himptelers. Alle wiken wurde der yn Fryslân yn trochsneed trije himpkwekerijen oprôle. Daniel hat ferskate funskjes hân by de plysje en oeral yn Nederlân wurke.