Drege tiden lytse fuotbalklups

Fuotbalklups op it plâttelân ha it dreech en lûke hieltyd faker oan de needklok. Dat seit fuotbalbûn KNVB Noard. Dy organisaasje wol dat klups better neitinke oer gearwurking en sels fúzje. De lytsere klups op it plâttelân ha te krijen mei minder leden en jildpine.
As de klups net neitinke oer de takomst driigje in soad klups te ferdwinen. Freed waard bekend dat de twa fuotbalkups út Stiens, CSL en VV Stiens, meikoarten fusearje sille.