Reparaasjes op A32 en N31

15 apr 2010 - 22:15

Rykswettersteat sil kommende wike op de A32 en de N31 oan de gong mei it herstel fan it asfalt. Hjirtroch sil it stik dyk tusken Wurdum en de Werpsterhoeke ôfsletten wêze.

De dyk tusken Goutum en de Werpsterhoeke sil ek foar in skoft net begeanber wêze. It ferkear wurdt mei help fan buorden omlaat. De reparaasjes steane pland fan 22 oant 24 april en sille benammen yn de nacht dien wurde. It ferkear moat rekken hâlde mei in langere reistiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)