Fryske sportprizen útdield

Herre Zonderland krijt de priis fan deputearre Tineke Schokker
Sportklup Hearrenfean is op it Fryske sportgala 2009 op It Hearrenfean útroppen ta sportploech fan it jier. De klup wûn yn 2009 de KNVB-beker.
Olympysk kampioen Sven Kramer krige de titel sportman fan it jier. Dêrneist mei sylster Marit Bouwmeester har it kommende jier sportfrou fan it jier neame. Turner Herre Zonderland krige de Fryske sportpriis, in oeuvrepriis, foar al syn sportive prestaasjes fan de ôfrûne jierren. Reedrydster Yvonne Nauta waard talint fan it jier.