MKB en VNO/NCW wurkje gear

15 apr 2010 - 17:27

Wurkjouwersorganisaasjes MKB Noard Nederlân en VNO/NCW Noard sille mear gearwurkje. Oer in grut tal tema's tinke de beide organisaasjes itselde en hawwe se deselde belangen. Bygelyks as it giet om de oanlis fan nije diken foar in bettere berikberheid fan it Noarden. Mar ek oer wurkgelegenheid en ûnderwiis hawwe se deselde stânpunten.

By de lobby rjochting oerheden sille se tenei mei-inoar oplûke. Op lanlik nivo wurkje MKB en VNO/NCW al langer gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)