Teloarstelling oer suvel-cao

De fakbûnen CNV en FNV binne swier teloarsteld yn de útkomsten fan it oerlis mei de wurkjouwers oer de nije suvel-cao. De suvelkorporaasjes hawwe woansdei in nij oanbod dien.
Se wolle in cao foar twa jier ôfslute en de wurkjouwers elk jier ien prosint leansferheging jaan. Neffens de bûnen is dat fierste min. Se wolle in cao foar ien jier ôfslute en in leansferheging fan 1,25 prosint. De bûnen lizze it bod fan de korporaasjes nije wike foar oan de leden.