Fertraging bou strânpaviljoen

15 apr 2010 - 13:24

De bou fan it strânpaviljoen op 'e Lemmer liket op 'e nij fertraging op te rinnen. Inisjatyfnimmer Feike Vaartjes tinkt dat it dreech wurdt om de finansiering rûn te krijen. Hy is noch drok yn oerlis mei banken om genôch jild los te krijen, mar seit dat de kredytkrisis de boel wolris yn de bulten jeie kin.

De bou waard earder al útsteld en Vaartjes seit dat dat him in soad jild koste hat. Undernimmer Vaartjes is al sûnt 2005 dwaande mei it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)