Evaluaasje SWH-fúzje yn 2013

It kabinet en de Twadde Keamer sille yn 2013 de gong fan saken oangeande de foarming fan de nije Súdwesthoekegemeente evaluearje. Ek moat it provinsjaal bestjoer mei in fizje komme op it iepenbier bestjoer yn Fryslân. Dat is de útkomst fan de twadde ronde yn it debat oer der weryndieling yn de Súdwesthoeke.
In mearderheid yn de Keamer stimt nei alle gedachten tiisdei yn mei de fúzje fan Wûnseradiel, Nijefurd, Wymbritseradiel, Boalsert en Snits.