Cambuur mist De Vries en Guijt

15 apr 2010 - 12:46

SC Cambuur moat it yn de wedstriid tsjin Helmond Sport dwaan sûnder topskutter Mark de Vries en Danny Guijt. Beide spilers foelen ferline wike tsjin Den Bosch út mei blessueres en binne noch net wersteld. Se hoopje der tsjin RBC wer by te wêzen, mar neffens trainer Stanley Menzo sil der gjin risiko naam wurde.

Randy Rustenberg, Bob Schepers en Leon Hese soene wol wer spylje kinne. Menzo wit noch net oft Schepers ek by de seleksje sit fanwege priveesaken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)