Priis foar Revalidaasjesintrum

15 apr 2010 - 11:52

It ferwaarmingsprogramma fan Revalidaasje Fryslân en de skoalle fan Lyndensteyn yn Beetstersweach hat woansdei in P-NUTS-award wûn. Dy priis wurdt útrikt oan projekten dy't mei duorsume enerzjy wurkje.

Yn Beetstersweach wurde de gebouwen ferwaarme troch de waarmte dy't produsearre wurdt troch it stoken fan snoeihout út de omkriten. Dat betsjut dat de beamwallen foar boeren no ek wat opsmite en dat is goed foar behâld fan it lânskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)