Himpkwekerijen ûntmantele

15 apr 2010 - 11:07

De plysje hat woansdei trije himpkwekerijen ûntmantele. Yn trije hokken yn Aldebiltdyk fûn de plysje mei-inoar hast 800 planten. Der is in man fan 28 oanhâlden, dy't yllegaal yn Nederlân is. Hy wurdt útset.

Yn in hok achter in hûs yn Sint Jabik fûn de plysje 144 planten. In man fan 40 út it doarp is oanhâlden. Yn in hûs yn Bitgummole waarden op de souder en yn in kuolsel 435 planten fûn. Dêr is noch net ien foar oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)