Brânstofdief oppakt

15 apr 2010 - 10:58

Yn Harns is woansdeitenacht in man út Snits oanhâlden omdat er brânstof stellen hie by in tankstasjon. De man foel surveillearjende plysjes op, omdat er him fertocht gedroech. Doe't se him oanhâlden, fûnen se yn syn auto ark dat bedoeld is om brânstof oer te heveljen.

De man hie ek harddrugs yn syn auto. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)