Man stelt bankpas fan frou

15 apr 2010 - 10:32

De plysje fan It Hearrenfean is op syk nei in man, dy't by in 82-jierrige frou thús de bankpas stellen hat. De man hie oanbelle by it hûs oan de Alma Tademawei en die him foar as meiwurker fan de thússoarch. Mei in ferlechje wist er de bankpas fan de frou los te praten. Omdat de frou it ferhaal net fertroude, belle se har soan. De fertochte naaide doe hurd út.

De pas is daliks blokkeard. De plysje freget minsken dy't wat fan it foarfal sjoen hawwe oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)