Ljouwerter kampanje nominearre

De kampanje 'Kijk, dat is 't mooie van Leeuwarden' is nominearre foar de Nationale Citymarketing Trofee, in priis foar de kampanje dy't it bêste in stêd promoat. Nederlânske boargemasters meie gadingmakkers nominearje. De fiif faakst neamde gemeenten meitsje kâns op de titel.
De kampanje om Ljouwert op de kaart te setten is opset troch Marketing Leeuwarden, yn gearwurking mei it bedriuwslibben, it ûnderwiis, kulturiele organisaasjes en de oerheid.