Hearrenfean ferjit te winnen

14 apr 2010 - 22:08

SC Hearrenfean die woansdeitejûn mei de 2-2 tsjin PSV wer ris oan klantebining. PSV begûn better yn it Abe Lenstra stadion, mar nei in kertier wiene beide ploegen oan inoar weage.

Yn de 49e minút kaam PSV op foarsprong troch in goal fan Dzsudzsák, mar twa minuten letter skoarde Sibon de 1-1. Yn de 62e minút kaam PSV op 1-2 troch Manolev, mar ek no kaam Hearrenfean binnen fiif minuten wer op likense hichte troch in goal fan Wojciechowski.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)