Oppakte learlingen noch fêst

De fjouwer learlingen fan it Comenius wurde tongersdei foarlaat oan de rjochterkommissaris. Dy bepaalt oft de jonges tusken de 14 en 16 jier langer fêstsitten bliuwe of net. De jonges binne moandeitemoarn oppakt. Se wurde fertocht fan it stellen fan tûzenen euro's by in projekt yn de kantine.
Lilke âlders wiene woansdei op skoalle om't se fine dat har bern te hurd oanpakt wurde. Tongersdei is der oerlis mei de âlders, plysje, skoalle en gemeente.