Plan foar fytspaad by Heech

Der komt in fytspaad tusken Aldegea en Heech. Dat wol it kolleezje fan B&W. Ynwenners fan de doarpen dy't gauris lâns de dyk ride, ha dêr jierrenlang foar striden.
It is in 80 kilometer dyk dêr't alle ferkear tusken de doarpen oer hinne moat. Dus tusken de auto's, trekkers en frachtweinen fytse ek bern dy't nei skoalle geane. Oer twa wike nimt de gemeenteried in beslút oer it plan. Fanwege de fúzje moatte ek oare Súdwestgemeenten akkoart gean.