Hânpoly yn Tjongerskâns

Pasjinten mei ferwûnings oan de hannen kinne tenei by ien loket komme yn de Tjongerskâns. It sikehûs op It Hearrenfean makket de behanneling fan ambulante pasjinten koarter. Dizze belangrike tiidwinst foar de pasjint fan in pear moannen is mooglik troch de opset fan in multydissiplinêre hânpoly. Dat kin troch yntinsive gearwurking fan ferskate ôfdielings.
Doel is no dat de multydissiplinêre polyklinyk ek foar oare ôfdielings yn it sikehûs ynfierd wurdt.