Jubileum foar Frysk Diktee

14 apr 2010 - 14:07

It Frysk Diktee wurdt dit jier foar de tsiende kear hâlden. Op 20 april dogge 40 learlingen fan basisskoallen mei. Dat diktee wurdt foarlêzen troch skriuwster Auck Peanstra.

Jûns is it diktee foar folwoeksenen. Sa'n 35 betûfte Fryskskriuwers litte sjen wa't de bêste is. It tema fan de tekst is muzyk. De tekstis is skreaun troch Piter Wilkens dy't it ek lêze sil. Foar it jubileum dogge ek pommeranten mei lykas skriuwers, politisy en sjoernalisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)