Wer bouwe yn Sint Anne

It Van Harenshuus yn Sint Anne liket lang om let dochs ôfboud wurde te kinnen. De bou fan it soarchsintrum hat goed 2,5 jier stillein, mar troch in útspraak fan de Raad van State binne de obstakels foarearst oan kant.
Supermerkûndernimmer Wassenaar en omwenners besykje de bou fan it soarchsintrum al jierren tsjin te hâlden om't se ferwachtsje dat it kompleks har yn bedriuwsfiering en wengenot beheine sil. Sy ha noch mear juridyske prosedueres rinnen.