Sven Kramer net op sportgala

14 apr 2010 - 12:30

Sven_Kramer komt net op it sportgala Fryslân dat tongersdei op It Hearrenfean is. De wrâldkampioen en Olympysk kampioen is nominearre foar de titel Frysk sportman fan it jier. Oare nominearren binne turner Epke Zonderland en bobslider Sybren Jansma. Dy sille der wol wêze.

Op it gala wurde de sportman, sportfrou en sportploech fan it jier bekend makke. Ek wurde in tal yn Fryslân wenjende Olympyske sporters en coaches yn it sintsje set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)