Wurksumheden op A7 by Snits

14 apr 2010 - 12:22

It autoferkear op de A7 by Snits moat de kommende moannen rekken hâlde mei fertragings. Der wurdt wurke oan de oansluting fan de rûnwei mei de grutte dyk yn de rjochting fan De Jouwer.

De wurksumheden binne tiisdei begûn en moarns en jûns yn de spits stie der fuortendaliks in file. De ynformaasje oer de wurksumheden en de alternative rûtes koene dat net foarkomme. Yn juny is it wurk foar it grutste part dien. Yn de hjerst binne der ek wurksumheden mar dat jout minder oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)