Hark Boys komt net tichterby

14 apr 2010 - 00:24

Harkemase Boys is tiisdeitejûn net ynrûn op Excelsior '31. Yn Rijssen kaam de ploech fan trainer Henk de Jong net fierder as 1-1. Yn in wedstriid mei in protte spanning en striid wie it fuotbal net geweldich.

De thúsploech kaam fuort nei it skoft troch Sjors Brugge op foarsprong. Yn de 90ste minút joech Reinder Slager it lêste tikje foar de 1-1. It ferskil tusken koprinner Excelsior en Harkemase Boys bliuwt fjouwer punten. Der komme noch fjouwer wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)