Aris wint fan Amsterdam

De basketballers De Friesland Aris ha fertrouwen tankt foar de kommende play-offs. De Ljouwerters wûnen yn de kompetysje har lêste thúswedstriid mei 90-77 fan Amsterdam. Aris like ienfâldich nei de oerwinning te gean mei in foarsprong fan tolve punten. Amsterdam kaam mei tolve punten efterinoar wer lyk, mar yn it lêste kwart makken de Ljouwerters dochs dien wurk.
Snein spilet Aris de lêste kompetysjewestriid út tsjin Rotterdam.