Hieltyd faker natoerbrân

13 apr 2010 - 20:15

Brânwachtkorpsen yn Noardeast-Fryslân ha de lêste tiid de hannen fol oan in opfallend grut tal natoerbrannen. De lêste twa wiken moasten se njoggen kear útride foar lytse brantsjes yn natoergebieten. Ek binne der faak brantsjes njonken fytspaden.

De measte brannen wiene yn de buert fan De Westereen. Neffens de brânwacht giet it faak om jongerein dy't rûchte yn de brân stekt. Trochdat de natoer hieltyd droeger wurdt wreidet in brân him dan rap út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)