Mear jongerein nei Halt-buro

Halt-buro Fryslân hat it ôfrûne jier mear alternative straffen útdield oan de jongerein as it jier dêrfoar. Dat docht bliken út it jierferslach oer 2009 fan Halt-Noard-Nederlân.
Yn totaal 622 jongeren binne yn 2009 trochferwiisd nei it Halt-buro. In jier earder lei dat oantal noch om de 600 hinne. Yn tsjinstelling ta de sitewaasje yn Fryslân, geane de oanmeldings yn Grinslân en Drinte omleech.