Nij kolleezje Weststellingwerf

In nij kolleezje foar Weststellingwerf
'Sosjaal, sunich en duorsum' is it motto fan de nije koalysje fan de gemeente Weststellingwerf. Partners PvdA, VVD, Grien Links en Lijst Bron hawwe moandei de earste stap setten rjochting in koalysje-akkoart. It resultaat fan de ûnderhannelings moat earst noch foarlein wurde oan de achterban ear't it folslein oannaam wurdt.
Kommende moandei wurde de plannen presintearre. Dan wurde ek de nije wethâlders ynstallearre.