Jild foar mûne Nijetrine

13 apr 2010 - 15:56

Restaurateurs fan de mûne 'de Rietvink' by Nijetrine ha tiisdei 2500 euro fan de gemeente Westellingwerf krigen. It jild sil brûkt wurde om de mûne fierder op te knappen. Ek wurdt der besocht om der in teeskinkerij yn te begjinnen.

Troch nij monumintebelied yn de gemeente binne der mear mooglikheden om subsydzje oan te freegjen foar soksoarte projekten. Op 25 juny sille de mûne en de teeskinkerij offisjeel iepene wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)