Oanhâlding yn Hijum

13 apr 2010 - 14:48

De plysje hat tiisdeitemoarn in ynwenner (24) fan Hijum oanhâlden, dy't der fan fertocht wurdt dat er in aggregaat achteroerdrukt hat, dêr't de plysje beslach oplein hie.

It giet om de soan fan in 50-jierrige man út Feinsum, dy't in moanne lyn oppakt waard neidat dêr in himpkwekerij ûntdutsen wie. Dy kwekerij wie ferstoppe yn trije seekontainers, dy't yngroeven wienen. Dêrby wie ûnder oare it aggregaat yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)