Roorda krijt rêst fan Everse

13 apr 2010 - 13:09

Geert Arend Roorda begjint woansdei yn de wedstriid tsjin PSV net yn de basis. Yn oerlis mei trainer Jan Everse en de medyske stêf is besletten de Fryske middenfjilder rêst te jaan. It is neffens harren net ferstannich om Roorda, dy't hast in jier út de rûlaasje west hat, trije wedstriden yn ien wike fuotbalje te litten. Syn ferfanger tsjin PSV is Michal Svec.

It is de iennige feroaring dy't Everse trochfiere sil yn fergeliking mei de lêste wedstriid tsjin FC Twente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)