Saak Frjentsjer by de AVRO

13 apr 2010 - 12:02

It programma Opsporing Verzocht jout tiisdei omtinken oan de moard op Pietje Bouma fan Frjentsjer. De frou waard in moanne lyn dea fûn yn har wenning yn Frjentsjer. Se wie mei in mes om it libben brocht.

De fertochte yn de saak is de skoandochter fan it slachtoffer. De plysje sit noch mei ferskillende fragen. De plysje siket ek noch tsjûgen dy't de de fertochte op sneon 13 maart sjoen hawwe of kontakt mei har hân hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)