Himpkwekerij St. Jabik oprôle

13 apr 2010 - 10:39

Yn Sint Jabik hat de plysje moandei yn in wenning oan de Gerben van Tuinenstrjitte hast 800 hennepplanten yn beslach nommen. Plysjes kamen de kwekerij op it spoar om't de ruten fan de wenning ôfplakt wiene. Doe't se oanbellen en in 47-jierrige man út Langwar de doar iepen die, waard guod sjoen dêr't himp mei kweekt wurde kin.

Yn de wenning en in hokje waarden de plantsjes fûn. Foar de kweek waard ek yllegaal stroom ôftape. Alle materiaal is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)