Man betrape mei foksestrik

13 apr 2010 - 10:36

In 44-jierrige man út Bakkefean hat moandei fan de plysje in proses-ferbaal krigen, omdat hy in strik delsetten hie by in foksehol. In foarbygonger seach de fal en belle de plysje.

Moandeitejûn koe de man op'e die betrape wurde doe't hy by de fokse-strik seach. Neist it proses-ferbaal rekket de Bakkefeanster mooglik ek syn jacht-akte kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)