FNP'er Koning stapt út de ried

Koning (2e fan rjochts) ferlit de ried, Hooijsma (2e fan links) komt yn syn plak
FNP-riedslid Frans Koning stapt út de gemeenteried fan Hearrenfean. Nei syn ynstallaasje as riedslid hat bliken dien dat hy as ûndernimmer gjin saken mear mei de gemeente dwaan kin, om't oan syn yntegriteit twifele wurde kin.
De gemeente docht geregeld saken mei de twa restaurants, dêr't Koning eigner fan is. Koning is by de gemeenteriedferkiezings mei foarkarstimmen yn de ried kaam. Hy wurdt opfolge troch âld-FNP riedslid Poppe Hooijsma.