'Beskermje de brúnfisken'

Der sneuvelje alle jierren tûzenen brúfisken, lykas dizze op Flylân
De Stichting Noordzee wol dat der maatregels nommen wurde om brúnfisken te beskermjen. Jierliks komme tûzenen fan dizze bistesoart om troch fisknetten, lûdsoerlêst en smoarch wetter. Tiisdei wurdt troch de stichting in petysje mei tolvetûzen hantekenings oanbean oan de Twadde Keamer.
Dy hat ferline jier al oanjûn dat it oanspielen fan brúnfisken werombrocht wurde moat mei sa'n 90 persint. De stichting wol witte hoe't dat giet.