Undersyk miljeubelied Fryslân

Lânbou as ûnderdiel fan duorsumens
Fryslân moat him as it giet om duorsumens rjochtsje op de lânbou en de rekreaasje. Dat boadskip komt fan Pim Sauer. Hy docht foar de provinsje ûndersyk nei it miljeubelied en de regels dy't dêrby hearre. Neffens Sauer hat de provinsje oer lânbou en rekreaasje it measte te sizzen. Se kin dan ek knopen trochhakje op it mêd fan enerzjybesparring.
Sauer kart de konvenanten dy't de provinsje mei guon partijen slút, ôf. Fan de 44 hawwe mar 5 konkrete doelen.