Feanwâldsterwâl net ien doarp

Feanwâldsterwâl bliuwt fan twa gemeenten
Feanwâldsterwâl krijt op dit stuit net de status fan doarp. Dat wie moandeitejûn it boadskip fan 'e boargemasters Polderman fan Tytsjerksteradiel en Aalberts fan Dantumadiel oan 'e bewenners fan it buorskip tusken Hurdegaryp en Feanwâlden. De namme Feanwâldsterwâl bliuwt wol bestean.
Der ien doarp fan meitsje kin net, omdat de gemeentegrins de mienskip ferdielt oer de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.