Skier wol klimaatneutraal

Op Skiermûntseach kin fan takom moanne ôf ekstra subsydzje krige wurde op bygelyks nije dûbele ruten, in sunige CV-tsjettel of in sinneboiler. De gemeente jout nochris tsien persint ekstra subsydzje boppe-op de tweintich persint fan 'e provinsje.
Skiermûntseach lûkt ekstra jild út om oer tsien jier klimaatneutraal te wêzen. Dat betsjut dat op it eilân likefolle enerzjy brûkt wurdt as dat der opwekt wurdt.