Nije plakferfangend korpssjef

12 apr 2010 - 11:32

De 53-jierrige Max Daniel is beneamd ta plakferfangend korpssjef fan de plysje Fryslân. Daniel wurket sûnt augustus 2008 foar de plysje Fryslân. Hy folget Martin Sitalsing op, dy ferline jier korpssjef wurden is fan plysje Twente.

Max Daniel wurke earder foar de plysje yn Arnhem en Amsterdam. De kâns is grut dat hy dizze simmer korpssjef Magda Berndsen ferfange sil. Sy stiet foar de Twadde Keamerferkiezings op plak trije fan de kieslist fan D66.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)