Biskop De Korte ûnder fjoer

Biskop De Korte
Aartsbiskop Eijk hat de dielnimmers oan de biskoppekonferinsje in brief skreaun oer biskop De Korte fan it Bisdom Grinslân/Fryslân. Eijk fynt dat De Korte yn syn preek op 31 maart yn Bakhuzen te fier gien is.
Eijk gie doe yn op de posysje fan de tsjerke nei de negative publisiteit oer seksueel misbrûk, it ûntkennen fan de Holocoust troch in biskop en ek oer it opkearen fan lieten yn liturgyboekjes.