Man stelt stik kabel

Fan in flat oan de Morrahemstrjitte yn Snits is in stik kabel stellen. It giet wierskynlik om in stik koper. Snein belle in bewenster fan in tsjinoerlizzende flat de plysje dat in man de brântrep op klom. Sy seach út har rút dat er in kabel trochknipte en yn de binnenbûse die. De man rûn dêrnei fuort rjochting IJlsterplein.
De plysje hat neffens it sinjalemint socht nei de man, mar trof him net mear oan. De wenningbouferiening moat noch oanjefte dwaan.