Earste winst foar De Jouwer

Jurre Hoogeveen (foto: Martin de Jong)
De Jouwer hat de earste oerwinning fan dit seizoen te pakken. Yn Grins waard Be Quick 1887 mei 1-0 ferslein. De Jouwer hie it net maklik tsjin Be Quick. De Grinzers rekken fjouwer kear de peal en latte. Foar it skoft waard net skoard. Tsien minuten foar de ein fan de wedstriid makke Jurre Hoogeveen de winnende treffer.
De Jousters fierden de oerwinning as gie it om in kampioenskip. De Jouwer hat no seis punten út 20 wedstriden.