Sykje op de Kalkman
Op de Kalkman is sneon socht nei resten fan minsken dy't der wenne ha. De plaat, dy't yn it Nederlânsk Engelsmanplaat hjit, leit tusken Skiermûntseach en It Amelân. Minsken fan de Stichting Verdronken Geschiedenis, Staatsbosbeheer, waadrinners en fûgelwachters diene der oan mei.
Der binne al ris skerven fûn dy't mooglik út de 10e ieu komme. No is wat fûn dat mooglik tsjut op in baken, ek binne bonken fan in okse en in hert fûn.
Trefwurden:
argyf