Graffityspuiters Drachten pakt

11 apr 2010 - 15:29

Twa jonges (17 en 18) binne sneontenacht oanhâlden yn Drachten foar it spuitsjen fan graffity. Se hiene 23 saneamde tags oanbrocht op it jeugdhonk oan De Lauwers.

De Drachtster (17) en syn maat (18) út Beetstersweach lutsen de oandacht fan de plysje om't se hiel stadich fytsten en in rêchpûde by har hienen. Yn de rêchsek sieten twa spuitbussen dy't noch wiet wiene. De plysje hat se meinaam nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)