Man mei harddrugs oppakt

De plysje hat sneon in Ljouwerter (22) oanhâlden yn de haadstêd. Hy hie harddrugs by him. In man hie mooglik in sitewaasje sjoen dêr't drugs yn ferhannele waarden. Dat wie op de hoeke fan de Wurdumerdyk mei de Nijstêd. Hy sei dat tsjin surveillearjende plysjemannen.
De plysje trof de fertochten letter oan. Ien man koe oanhâlden wurde, de oare naaide út. It die bliken dat de Ljouwerter 25 boltsjes kokaïne by him hie. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.