Jonges bekenne brân op It Fean

Twa jonges (12) binne sneon oanhâlden op It Hearrenfean. Se wurde fertocht fan brânstichting. Tsjin achten jûns kaam melding fan in brân by in skoalle oan de Sallandlaan. In autobân stie yn de brân. Der wie in soad reek.
It slagge de brânwacht om it fjoer te dôvjen sadat it fjoer net nei skoalle oersloech. Omstanners wisten de plysje te fertellen dat de jonges by skoalle sjoen wiene. De plysje koe har oppakke. Se ha bekend. Nei ferhoar mochten se wer nei hûs.