Drachtster taskedief oanhâlden

In Drachtster (18) is sneon oanhâlden. De plysje fertinkt him fan stellerij. In frou (42) wie op de Noorderpoort fan har tas berôve. De plysje waard fuort warskôge en trof de frou oan. Se hie de fertochten folge. Nei wat sykjen koe de plysje ien jonge oanhâlde. De twadde koe ûntkomme.
De fertochte fertelde wêr't de tas en de telefoan werom te finen wiene. De fertochte is meinaam nei it buro. Der rint noch in ûndersyk nei de twadde dieder.