Man mei 52 aaien trappearre

In man (52) út Tsjalbert is snein trappearre mei eine- en guozze-aaien. De plysje hâlde mei tafersjochhâlders fan de provinsje in kontrôle yn natuergebiet de Deelen. Der wie ûnrêst ûnder de fûgels en der waard tocht dat dat kaam om't ien yn it gebiet wie. Ek wie in man yn in kano sjoen.
Se troffen de man oan doe't er krekt syn kano út it wetter helle. Hy hie 52 aaien by him dy't er moarns socht hie. Der is proses-ferbaal opmakke. It is ferbean om aaien te sykjen.